gewoan gek op skiednis
Lida Dykstra
Afûk, 2014

Fryslân hat in hiele eigen skiednis, mei allerhande ynteressante ferhalen en minsken. Yn dit boek giet it oer geheimtaal, de ko, de Romeinen, in eksoatyske spionne, Grutte Pier en Abe Lenstra. En witsto dat "Fries" earder keapman betsjutte en dat Fryslân in eigen kening hie? Dat ast fjirtjin of fyftjin jier wiest al op de universiteit yn Frjentsjer sitte koest en dat der tusken 1880 en 1914 mear as 20.000 Friezen emigrearre binne? 

41 ferhalen oer de Fryske skiednis skreaun troch Erik Betten, Lida Dykstra, Janny van der Molen, Han Nijdam en Mindert Wijnstra. De yllustraasjes binne fan Aart Cornelissen.

Oaren oer dizze titel