noah
hylke tromp
friese pers boekerij, 2014

In libben yn de keunstwrâld, as akteur, dat like Harry, âld-dosint, as jongfeint al it moaiste ta dat der wie. Mar nee, heit fûn dat er earst marris in fatsoenlik fak leare moast. No’t Harry net mear wurket, grypt er syn kâns. Fol twifels oan himsels en de motiven fan syn meispilers stapt er yn de repetysjes foar in iepenloftspul oer de bibelske figuer Noach, dy’t in ark boude om syn famylje en de bistewrâld te rêden. It stik ‘Noah’, dat opfierd wurdt mei in grut wetterspektakel deromhinne, is fan Vondel. De fersen fan Vondel akkordearje op in wûnderbaarlike wize mei de gefoelswrâld fan Harry en alles dat deromhinne bart. De fersen binne troch de skriuwer oerset yn it Frysk. Noah is Hylke Tromp syn debútroman.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries,  LC 07-02-2014 (fraachpetear mei de skriuwer)
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Sjoerd Bottema, de Moanne 13, april 2014, nr. 2, 18-20
Doeke Sijens, LC 27-06-2014