de wûndertoeter fan hindrik bûter
Paul van dijk
Afûk, 2014

Yn it libben fan Hindrik Bûter sit hielendal gjin aventoer. Hy wennet yn in gewoan hûs, yn in gewoane strjitte en hy hat in gewoane famylje. Eltse dei yt er dopearten en hy giet noait op fakânsje. Op in nacht winsket Hindrik dat er wat bysûnders meimeitsje mei. En dan fynt er in toeter. Samar. In wûndertoeter!

Paul van Dijk skreau en tekene De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter yn opdracht fan Tresoar as aksjeboek foar bern by gelegenheid fan ‘Swalk, Frysk op toernee’ yn 2014.

Yn 2015 wie it boek de basis foar in poppespul-teaterpoduksje. (LC 27-03-2015).

Filmke: Paul van Dijk oer it boek

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.

Oaren oer dizze titel
Tante Tjits, eigen webside 18-09-2014