femke faalt
ate grypstra
Afûk, 2014

Femke Koning is hast sechstjin en yn ’e regel net al te ûngelokkich. Net dat se gjin problemen hat. On the contrary, soe har hertsfreondinne Jellien wol sizze, problemen by de rûs. Mar dy hat elkenien. Femke fynt lykwols dat hár problemen feroarsake wurde troch it feit dat se alle kearen wer tekoartsjit en iderien teloarstelt. Of, sa’t se it sels sizze soe: Femke faalt. Se spilet as drumster yn in metalband dêr’t se har net hielendal yn thúsfielt. Boppedat, gitarist Douwe-Jan mei har net lije. Mar Femke is in geweldich goede drummer en yn it drummen kin se har hearlik útlibje en de problemen even ferjitte.

Geart Tigchelaar: ‘It nijste boek fan Grypstra hat alles: seks (no ja, der falt út en troch ris in wurd oer), geweld, spanning, games, gadgets (om’t it ferhaal him yn 2016 ôfspilet komt der sels in iPhone 7 yn foar), in soad humor, filosofytsjes en yn in Frysk boek heart fansels oer taal redendield te wurden.’

Femke faalt ferskynde yn desimber 2014 as e-boek, folge troch in papieren útjefte yn 2016. It boek waard nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2016.

Oaren oer dizze titel
Koos Tiemersma, 23-01-2015
Geart Tigchelaar, Ensafh. 20-02-2015