mearkes út 'e wâlden
dam jaarsma
bornmeer, 2014

Dam Jaarsma fan Eastermar wie in hertstochtlik samler fan folksferhalen. Hy skreau yn fjirtich jier mear as sechtjintûzen op dy’t de minsken út de fiere omkriten fan Eastermar oan him fertelden. Mearkes út ’e Wâlden biedt in brede en represintative seleksje út dy samling: diereteltsjes, wûndermearkes, leginde- en novellemearkes, dommeduvelteltsjes en grappige teltsjes. De folsleine samling is ûnderbrocht by it Meerten Instituut yn Amsterdam en waard yn de jierren njoggentich digitalisearre. Se binne werom te finen yn de Nederlandse Volksverhalenbank.

Seleksje en ferantwurding waarden oanlevere troch Jurjen van der Kooi, dy’t al yn de jierren santich ivere hie foar in útjefte fan it bêste út Jaarsma syn kolleksje. It boek befettet ek in wiidweidich neiwurd oer Jaarsma en syn mearkes en syn sammelwurk foar it Meertens Instituut. De yllustraasjes waarden spesjaal foar it boek makke troch Peter Boersma & Hilda Groenesteijn. De foarmjouwing slút streekrjocht oan by de Mearkes fan Grimm, dat yn 2012 by deselde útjouwer ferskynde.

De útjefte past yn it ramt fan ‘100 jier Dam Jaarsma’, dat op inisjatyf fan in oantal ynwenners fan Eastermar mei allerhanne aktiviteiten fierd wurdt.

Oaren oer dizze titel
Gerbrich van der Meer, fraachpetear mei Jurjen van der Kooi oer Dam Jaarsma, FD 12-04-2014
Anet Huisman, Fryslân DOK, OFrl 15-06-2014
Jaap Krol, FD 30-08-2014
Doeke Sijens, LC 12-09-2014