ferliezers
rommert tjeerdsma
kffb, 2014

As iennichst bern ferhuzet Froukje mei har âlden nei de stêd, dêr’t har heit boekhâlder wurdt. Sels kriget se in baantsje as typiste. Yn de minne tritiger jierren kin Jan, har freon, mar min wurk besette. As yn 1940 de oarloch útbrekt wurdt alles oars. Hâldt Froukje wol genôch fan Jan om mei him âld te wurden? Dêr twifelet se hieltyd sterker oan, benammen as se Werner moetet. Werner is in jonge Dútser, dy’t legere is op it Ljouwerter fleanfjild en gefaarlike aventoeren belibbet yn syn Messerschmitt nachtjager. Ynearsten wol Froukje neat fan Werner witte. Mar it dilemma wurdt hieltyd grutter. Kiest se Jan, ien fan har eigen folk, of Werner, ien fan de besetters fan ús lân…?

Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 24-05-2014
Doeke Sijens, LC 20-06-2014