man en mem
elske kampen
afûk, 2014
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek [net beskikber]
Dit is de tredde dichtbondel fan Elske Kampen mei byldzjend wurk fan de skriuwster. Earder ferskynden fan har de bondel Fan glês it brekken en de twatalige bondel Dit is it gedicht / Dit is het gedicht.
Man en mem kaam út yn 2014. Yn de gedichten besiket se, sa't se oanjoech yn in fraachpetear mei Sietse de Vries, mear ôfstân nei har eigen persoan te kreëarjen: 'It leafst soe ik skriuwe sa't Mondriaan skilderet'. Dêrmei doelt se op syn oergong nei abstraksje, sa't Kampen as dichter ek rikt nei in algemienere werklikheid, al bliuwt se sels dochs sintraal stean. Abe de Vries rekkene har yn syn besprek ta de 'grutmasters fan de Fryske poëzy'.
Man en mem wie nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2017.
Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Sietse de Vries, LC 17-10-2014 (fraachpetear)
Eppie Dam, LC 01-08-2014
Abe de Vries, FD 30-12-2014
Elske Kampen lêst it gedicht 'See en stien'
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.