Herbarium
ALbertina soepboer
utjouwerij frysk en frij, 2014
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek [net beskikber]
Yn de bondel herbarium lit Albertina Soepboer sjen wat har as dichter nau oan it hert leit. Dêrom hellet se foar it ljocht wat se oan planten bewarre hat yn har herbarium. Dy planten roppe in wrâld fan passy en dea op. Tiid is net in line de fierte yn, mar in sirkel. Lykas by planten komme yn de fersen bloei en ferstjerren hyltiten op 'e nij foarby. De fersen binne ek meiinoar ferbûn troch har foarm. Sa makket de dichter in eigen wrâld yn herbarium en lit it oare achter de deistige werklikheid sjen. Dat oare dat folle grutter is as allinne ús eigen tiid. Ek in tal Fryske dichters wurde dêrby as gids út de boekeast helle en krije op 'e nij betsjutting.
Herbarium wie nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2017.
Mear oer dizze titel
Eppie Dam yn de Ljouwerter Krante (20 maart 2015)
Jelma Knol op literêr tydskrift Ensafh (28 oktober 2015)
Abe de Vries oer it gedicht 'Underweis nei it ûndergean fan 'e sinne' yn it Friesch Dagblad (9 augustus 2017)