fallend ljocht
eppie dam
friese pers boekerij, 2014 (2e printinge 2017)

der siet al kop yn myn gedichten
doe't de holle noch gjin punt wie
as wie ik harsenûnnoazel
en koe it broaze
fan tinken wol ha

Ofbrek en ferlies fan krusiale funksjes bepale it earste skift fan dizze bondel. Yn it twadde lûkt de dichter de line troch nei it ôfbroazeljen fân âlde godshuzen, en tagelyk fan it wurd dat oait betsjutting hie. Dêrnei blêdet er yn in boek mei fergiele portretten: bylden fan minsken dy't spoaren neilieten, en de nammen dy't him berikten yn wite keferten. 'De dood is reusachtig en onbegrijpelijk', dichte Czesław Miłosz yn syn Theologische traktaat, dêr't Eppie Dam njoggentjin fersen fan oersette. Yntusken giet it slûpspoar fan de slak streekrjocht nei de blomkoal ta.

(...) al krûpend witst dyn doel al,
eagen op stâltsjes, de stikeme noas
fan de lânferkenner -
en as ik even net sjoch, bist fierder as ik tocht.

(út Oan de slak yn myn tún).

Yn in ynterview yn de Balkster Courant seit Dam oer syn poëzy: “Mar as der al sprake is fan in ferskowing, dan is it earder in ferskowing fan spiler nei taskôger. Yn myn earste poëzy sit sis mar noch alle hektyk fan it fjild, mar yntusken hat it libben my nei de tribune ferwiisd. Dat is gjin ferkeard plak om sicht te hawwen op ’e wedstryd. It mei sa wêze dat myn rol aanst útspile is, de ôfrûne jierren ha ik noch wol in pear bondels skreaun dêr’t ik as spiler noait oan ta kommen wie.

Eppie Dam debutearre yn 1978 en ûntwikkele him dêrnei as in produktyf en alsidich skriuwer. Neist gedichten skriuwt er ek berneboeken, literêre kritiken, ferhalen en kollums. Fallend ljocht is de fyftjinde dichtbondel fan Dam. Eppie Dam kin sjoen wurde as fan de belangrykste moderne Fryske dichters; André Looijenga neamt him yn in essay oer Fallend ljocht ‘in master ûnder de Fryske dichters fan dit momint.’

Fallend ljocht is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2017. Eppie Dam krige op 14 oktober 2017 de priis út hannen fan deputearre Sietske Poepjes. Sjoch foar de oare nominaasjes hjir.

Harkje nei gedichten út Fallend ljocht op tydskrift De Moanne, foarlêzen troch Abe de Vries, Elske Kampen en Tsead Bruinja.

Oaren oer dizze titel
Fraachpetear mei Henk van der Veer, De Moanne 09-01-2015
Fraachpetear, Balkster Courant 18-09-2014
Tsead Bruinja, LC 15-08-2014
André Looijenga, Ensafh 7 (2015), nû. 2, s. 21-27 7 (2015), nû. 2, s. 21-27.
Abe de Vries,  FD 30-12-2014 (besprek Fallend ljocht)
Geart Tigchelaar, Ensafh. 14-02-2018 (fideobesprek, ek fan Koproer)