allinne en yn koar
wilco berga
afûk, 2014
Njonken de byldzjende keunst en it skriuwen, spilet lûd in grutte rol yn it libben fan Wilco Berga. Net inkeld muzyk, mar ek lûd fan wetter, wyn, bisten en deade dingen, lykas it ritmysk dokkerjen fan treintsjillen, it klapperjen fan in doar. Lûden dy't soms in bysûndere betsjutting krije yn jins libben.
Dan noch it lûd dat minsken sels meitsje, allinne of mei-elkoar. Guon lûden binne foar altyd ferbûn mei mominten yn it ferline, moaie en minder moaie. Dy kinne jin samar yn 'e tiid werom sette. Sa 't it kreakjen fan in trep by dat iene hûs heart. It is it motto fan dizze bondel: Lûd sit myn yn 't bloed.
Allinne en yn koar / Alleen en in koor wie nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2017.
Mear oer dizze titel
Arjan Hut, De Moanne 10-07-2015
Eppie Dam, LC 20-11-2015