de deikoersen fan remco
Bart kingma
afuk, 2015

Remco Heeringa (14) wol profesjoneel hurdfytser wurde. Hy hat it talint, hy hâldt fan trainen en is hartstikke serieus yn de sport. Mar dan gebeurt der slim ûngelok en liket Remco syn dream yn reek op te gean. Wat moat hy no? Hurd wurkje om wer hielendal better te wurden, hoopje dat it wer hielendal goed komme kin? Of is it better om net mear te tinken oan de fyts en him te rjochtsjen op skoalle en in gewoan libben? Dat is de fraach dêr’t Remco foar komt te stean.

Dit boek hat in relaasje mei de skoaltelefyzjesearje De Koers fan Omrop Fryslân. Yn De Koers hat Remco in belangryk plak, yn De deikoersen fan Remco komt syn echte ferhaal oan it ljocht.

Oaren oer dizze titel
Jelma Knol, Ensafh 04-03-2016