as nomaden yn tinten teplak
sytse jansma
Afûk, 2015
-
liene by TRESOAR
-
Liene by de IEPENBIERE BIBLETEEK
As nomaden yn tinten teplak is de twadde bondel fan Sytse Jansma, diskear twatalich. Yn syn gedichten makket Jansma faak gebrûk fan klankassosjaasjes en nijfoarmingen, mei as resultaat poëzy dy't romte jout om der sels in betsjutting yn te lizzen. Yn dizze bondel, dy't rûnom de oandacht luts, steane hast fjirtich gedichten, ferdield oer fiid skiften. In priuwke:
de strânljip hat de kop fan in ljip
de strânljip strúnt op it strân
de ‘scholekster’ hat de sturt fan in akster
de ‘scholekster’ yt meastentiids skol
de ‘oyster catcher’ hat in paksnaffel
de ‘oyster catcher’ pakt oesters
de dichter wol fersen as nêstflechters
de dichter wol oesters en aaien brekke
dat de strânljip oesters pakt
dat de ‘oyster catcher’ skol yt
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 18-09-2015 (fraachpetear)
Eppie Dam, LC 25-09-2015
Abe de Vries, FD 17-10-2015
Friduwyh Riemersma, Fers2 01-11-2015
Arjan Hut, De Moanne 07-12-2015
Geart Tigchelaar (Ensafh, 2015-6, s. 37–40
Klaas van der Hoek, Konsenylje 21-04-2016 (besprek, mei kommentaar op oare besprekken)