tongermolke
Jacobus Q. Smink
utjouwerij hispel, 2015

Tongermolke is de tsiende bondel fan Jacobus Q. Smink, dy't bestiet út yn 'e regel koarte notysjes oer de minsken om him hinne, lykas foar syn ferstoarne heit en mem. It ferlies spilet yn mear gedichten in rol, dochs sjocht Smink kâns en hâld de toan licht om sa de lêzer mei te nimmen yn it ôftaasten fan syn emoasjes.

men byt inoar en feecht deryn
gjin stikje fel of it hat in skram
men leit it by, ferjit it gram
en oer alles leit in skyn

Oaren oer dizze titel
Eppie Dam, LC 11-09-2015
Abe de Vries, FD 19-09-2015