oer atlantyske djipten
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 2015

Edom Koudenburg is fyftjin jier as er nei Kanada emigrearret. Hy sjocht werom op syn libben oan ’e rûge westkust fan Newfoundland. Ynspirearre troch syn altyd briefskriuwende mem set er op papier wat de húshâlding oerkommen is. Striid tusken libben en dea wurdt hjir symboalysk werjûn yn in ivich konflikt tusken de minske en syn needlot.
Durk van der Ploeg krige yn 2011 de Gysbert Japicxpriis foar al syn literêr proaza. Oer Atlantyske djipten is syn 22ste roman. It boek ferskynde yn jannewaris 2015 (titelblêd jout 2014).

Oaren oer dizze titel
Marre Sloots, De Moanne 11-06-2015
Doeke Sijens, LC 03-07-2015
Henry Baron, Sirkwy 06-2016