It each fan eelke
Eelke Lok
bornmeer, 2015
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Trijenheal jier lang joech Eelke Lok yn syn kollums foar Omrop Fryslân Radio kritysk kommintaar op de ûntjouwingen yn ús provinsje. Hy hie mei nimmen moederaasje en lei gauris de finger op it seare plak. Ein maaie 2014 kaam der in ein oan syn radiorubryk. Hy hie doe sa’n 700 kollums levere. Al daliks gongen der lûden op dat de kollums bondele wurde moasten. Lok hie sawat fyftich jier sjoernalistike ûnderfining, in histoarysk perspektyf en in stikeljende humor – soks makke de ferhalen de muoite wurdich om neitiid ek lêzen te wurden.
Yn dit boek binne dêrom de bêste fan Eelke Lok syn kollums bondele. It waard presintearre by syn ôfskie fan Omrop Fryslân, begjin septimber 2015.
Mear op Eelkesweblok
Oaren oer dizze titel
Nijsitem Omrop Fryslân 30-05-2014
Marja Boonstra, fraachpetear by ôfskie LC 05-09-2015 diel 1, diel 2, diel 3