Koarte ferhalen III
Henkie fan de polderdyk
eigen behear, 2015
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Koarte Ferhalen is it tredde diel yn in rige bondels dy’t Henkie fan de Polderdyk (pseudonym fan Hendrik Liemburg) yn eigen behear útjûn hat. Lykas de oare dielen is ek dit boekje gearstald út deiboek-eftige teksten út it deistich libben fan de skriuwer. Yn dit diel komme gauris ferhalen oer syn pakesizzers foar, wylst ek syn reizen mei de caravan foar ynspiraasje soargen. Dat alles is mei gefoel foar humor beskreaun, al lit it ferhaal fan twa húshâldingen dy’t de skriuwer op de camping trof, ek in oare kant fan it libben sjen.
Oaren oer dizze titel