doutzen ûnder fjoer
rommert tjeerdsma
kffb, 2015

Yn dizze roman, it ferfolch op Om Doutzen, binne Doutzen en Sibe troud. Hja wenje mei har twa famkes op it boerespultsje fan Sibe syn heit en mem. Yn maaie 1940 wurdt Sibe oppakt omdat er by de NSB is. Doutzen moat dêr net folle fan hawwe, en dat jout gauris konflikten tusken Doutzen en Sibe. Wytse, de kammeraat fan Sibe, meldt him oan om tsjin de Russen te fjochtsjen en Sibe hat it idee, dat er dat ek dwaan moat.

Oaren oer dizze titel
Klaske Hiemstra, It Nijs 20-10-2015
Doeke Sijens, LC 15-01-2016