de ferjilder
marten toonder (oersetting Harke Bremer en Jarich Hoekstra)
tresoar, 2015

De Ferjilder is de oersetting fan it ferhaal Heer Bommel en de vergelder, dat yn 1984 yn NRC/Handelsblad ferskynde. It ferhaal is opnommen yn de rige Alle verhalen van Ollie B. Bommel en Tom Poes yn de útjefte Laat dat een les zijn út 2008.

De hear fan stân Olivier B. Bommel wurdt troch syn buorfrou juffer Oeke útdage om ris te wurkjen foar syn jild yn plak fan altyd mar te rintenierjen. Sadwaande komt hear Bommel yn oanrekking mei de ferjilder, in masine dy’t alles te jilde makket wat men deryn docht. Nei allerhanne omswervingen en aventoeren komt hear Bommel by it jûnsiten dêr’t er buorfrou foar útnûge hat ta dizze konklúzje: ‘Troch jo bin ik hurd oan it wurk gien, sa hurd dat ik ferhurde, sûnder dat ik it trochhie. (…) Men kin as hear folle better yn stilte goed dwaan.’ In tige wiidweidige gearfetting fan it ferhaal is te finen op Wikipedia.

It duo Bremer en Hoekstra is ferneamd om syn oersettingen fan Bommelferhalen en krige yn 1996 de Obe Postmapriis foar twa dêrfan. De Ferjilder wie yn septimber 2015 it kadoboek by de Tresoar-aksje ‘Swalk – Frysk op reis’. De Ferjilder hat as ekstra in foaropwurd fan minister fan finânsjes Jeroen Deijsselbloem, wat derta bydroegen hat dat de publisiteitswearde as ferkeap-oanjager (útsoarte de funskje fan in kadoboek) noch fierder ferhege waard.

Oaren oer dizze titel
Meindert Reitsma, Y-SKrift 16-09-2015
Jaap Krol, FD 31-10-2015