Erfskip en krisis
Abe de vries
de contrabas, 2015
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De Fryske literatuer kin net begrepen wurde sûnder syn skiednis derby te beheljen. Yn dizze twadde esseebondel fan dichter, publisist en sjoernalist Abe de Vries, nei Identiteit en kowesturten, is wurk sammele út de jierren 2008-2014. De skriuwer bejout him net inkeld op it mêd fan de literatuer, de literatuerskiednis en it literêre ûndersyk, mar ek op dat fan it ynterview en de regionale skiednis. Boppedat giet er op syk nei syn eigen biografy.
Erfskip en krisis bringt stikken oer it wurk fan Czeslaw Milosz, C.O. Jellema, Tsjêbbe Hettinga, Reinder Brolsma, Sybe Douwes de Jong, Douwe Hermans Kiestra, Steven H.P. de Jong, Rindert van Zinderen Bakker en Sybe Kornelis Bakker. Fraachpetearen binne der mei Meindert Fennema, Geart van der Meer, Gerrit Breteler en Theunis Piersma.
Oaren oer dizze titel
Jan Ybema, FD 31-10-2015