RôVERSGUOD
Janneke de Boer
ÚTJOUWERIJ LOUSE, 2016

Kakarafrrr, Kakarafrrr… Mei it swit op ‘e holle sjit ik oerein. Wêr bin ik? Wat is it tsjuster. Myn hannen sykje yn ‘e djipswarte leechte om in werkenningspunt.

Fekke wit net wat er meimakket as er op Fjildster Utbuorren ûntdekt dat ien fan de swarte roeken op ‘t hiem prate kin. De stammerjende (in kwaaltsje dêr’t er al sûnt it ferstjerren fan mem lêst fan hat) jonge wegeret de fûgel op syn wurd te leauwen en set it bist stikem efternei de bosk yn.

Yn har debút Rôversguod nimt Janneke de Boer de lêzer mei op reis lâns fertriet en ûnferwachte freonskip. It boek hat fassinearjende yllu-kollaazjes fan Vera Damhuis.

Oaren oer dizze titel
Tjitske van Dijk, Tante Tjits 03-09-2016
Harmonie Weidum, YouTube 12-02-2017 (muzyk: Ria Fennema)