Wolf yn harnas
Cornelis van der Wal
Hispel, 2016

Wolf yn harnas is de sânde dichtbondel fan Cornelis van der Wal. De bondel befettet, lykas altyd by Van der Wal, út 33 gedichten, ferdield oer trije skiften. Yn syn wurk, en dat is hjir net oars, draait it faak om de fraach hoe't it hegere en it ierdske harren ta inoar ferhâlde, gauris taspitst op de ferhâlding fan de dichter mei de bûtenwrâld. Yn bitende humor, wapene mei sarkasme, skôget de dichter de wrâld, lykas yn it titelgedicht:

Hij sjocht de wolf en glimket.
Yn harnas gûlt it grize dier.
Ut syn eagen rint de inket
troch syn pin op it papier.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 02-12-2016 (fraachpetear)
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Eppie Dam, LC 16-12-2016 (besprek)
Josse de Haan, De Moanne 21-12-2016 (besprek)
Abe de Vries, FD 04-03-2017 (besprek)
Arjan Hut, FD 17-05-2017 (Ut 'e rige 'Maitiidspoëzij')