Aurora Bossa Nova
Arjan Hut
Afûk, 2016
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Aurora Bossa Nova is in bondel fan Arjan Hut út 2016, seis jier nei syn foarige bondel Tin. Yn Aurora Bossa Nova dichtet Arjan Hut in soad oer de lytse wrâld om him hinne, syn húshâlden, bern en buertbewenners. Dat alles beskriuwt er yn in taal dy't in stik minder kryptysk en surrealistysk is as yn bygelyks syn earste bondel Nachtswimmers. It lêste gedicht fan dizze bondel is dêr in goed foarbyld fan:
'Laaksum'
In haven
dêr’t it hert begjint
in haven
dêr’t de nachten sjonge
dy boust mei tûzen earms yn hûndert jierren
fan wyn ferwaaide talen, wask oan linen
fan himmele ruten en oanspield lok
fan dwelmlanteranen, seegerdinen
of oars, út blaue loft en oeren op it strân
bleate hannen, amer wetter
skepke sân.
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 10-02-2017 (fraachpetear)
Eppie Dam, LC 27-01-2017
Abe de Vries, FD 13-02-2017
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite