Dominys, dwersbongels en oare dogenieten
Wiger zylstra
friese pers boekerij, 2016

Dominys, dwersbongels en oare dogeneaten is in boek fan Wiger Zylstra oer skoalmasters, Frjentsjerter professoaren en dominys dy’t troch drank, jild en jonge froulju de brede wei opsochten. Dêrmei setten sokke pommeranten net allinnich harren karriêre op it spul, mar hie sok gedrach fakentiids ek slimme gefolgen yn de persoanlike sfear. Dêrneist kaam ek harren foarbyldfunksje ûnder druk te stean. Yn fyftich ferhalen lit de skriuwer sjen wa’t dizze fakentiids nijsgjirrige Friezen wiene en hoe’t it har úteinlik fergie.

Oaren oer dizze titel
Jozephien Sieperda, fraachpetear mei auteur, LC 18-10-2016