Achterlik Fryslân
Douwe Kootstra
It Fryske gea, 2016
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Achterlik Fryslân is in bondel mei columns dy’t Douwe Kootstra earder skreau foar It Fryske Gea. Yn dizze columns is Kootstra op ’e tekst oer de natuer en foaral de minsken dy’t al of net mei de bêste bedoelingen dyselde natuer nei gychem helpe.
Sa nimt de skriuwer yn it titelferhaal natuerleafhawwers op’e kerrel dy’t rôffûgelnêsten leechhelje. Hy fergeliket se mei boeren yn Senegal dy’t hoanskrobbers deameitsje omdat se bang binne dat harren hinnen oars opfretten wurde. Lykwols, dy boeren witte net better, wat net opgiet foar de Friezen dy’t it om de ferkearde redenen ek op rôffûgels begrepen hawwe en dêrom troch Kootstra as ‘natuerdombo’s’ delset wurde.
Sa binne der yn dizze bondel noch 45 columns opnommen oer natuerorganisaasjes en harren krewearjen, de natuerferhalen fan Koos van Zomeren, de guozzepleach, it natuerûnderwiis, alles yn de bekende styl fan Douwe Kootstra: koart om ’e hoeke, ferteld mei humor en faasje.
Oaren oer dizze titel