sin oan
jurjen van der meer
elikser, 2017

Yn dit boek is syn moaiste wurk fan de lêste tiid bondele mei in tal ‘Pas op…’-gedichten, mei yllustraasjes fan Maaike van den Akker, in searje ‘Op in …’l-gedichten, mei yllustraasjes fan Lip Ferwerda en in tritichtal frije fersen. De fersen fan Jurjen van der Meer wurde al tsientallen jierren brûkt yn de heechste groepen fan it basisûnderwiis en foar de foardrachtskriich FeRstival op middelbere skoallen. Syn styl is oansprekkend en tagonklik, it binne fersen mei in knypeach.