twintig liefdes een saudade / tweintich leafdes in saudade
Syds wiersma
frysk en frij, 2017
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere biblIOteek
Ynspirearre troch de bondel Veinte poemas de amor y una canción desesperada fan de Sileenske dichter Pablo Neruda steane der yn dizze bondel fan Syds Wiersma 21 gedichten. Earst hat er se skreaun yn it Nederlânsk, om se dêrnei oer te setten nei it Frysk ta. It resultaat is in twatalige bondel mei yn de gedichten as reade tried de mankelikens fan de saudade, lykas yn dit fragmint:
Saudade op 'e stêd
Soms bin ik hjir de oar. As wie 't
wer kwyk it ljocht út see wei opstoot,
wylst de loft in bûtendykse romte lûkt
oer de stêd, in ûnbeneamde wekker ropt,
de strjitten braak fan wjerskyn lizze
en de eagen fan foarbyfytsende froulju
nei oars earne hingje
Oaren oer dizze titel
Geart Tigchelaar, YouTube 12-04-2018 (fideobesprek)
Elmar Kuiper, LC 15-06-2018 (besprek)