opskuorgebieten
abe de vries
utjouwerij deryp, 2017

Opskuorgebieten is de njoggende bondel fan Abe de Vries. Yn dizze bondel, ferdield oer trije skiften en opdroegen oan Friduwyh Riemersma, lit De Vries sjen in alsidich dichter te wêzen, net allinnich kwa foarm, mar ek wat de ynhâld oanbelanget. Sa wurdt de leafde besongen, en ek it lânskip, mar tagelyk steane der mear krityske fersen yn oer de teloargong fan datselde lânskip troch bygelyks it pleatsen fan wynmûnen. In oantal gedichten is opdroegen oan oaren, lykas oan Sjoerd Andringa, met dêrút in priuwke:

Ik gean net út ’e wei foar in âlde metafoar,
  mar bin ’k dêrom minder op de wrâld betrutsen?
Ik skriuw myn lieten graach wat sjongerich,
  mar in kadâns kringt djipper yn ‘t gehoar.

Mear oer dizze titel
Geart Tigchelaar, YouTube 01-08-2018 (fideobesprek)
Arjan Hut, FD 27-02-2018 (besprek)
Doeke Sijens, LC 02-02-2018 (besprek)
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite (besprek)