oan dy tinke
sipke de schiffart
utjouwerij hispel, 2017
-
Liene by TRESOAR
- liene by de IEPENBIERE BIBLIOTEEK
Oan dy tinke is de debútbondel fan Sipke de Schiffart, mei as ûndertitel: Leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje. Yn 75 frije fersen, ferdield oer 8 skiften, beljochtet De Schiffart de leafde, of better sein syn ûnfermogen, de langstme nei in leafde dy't him út syn iensumens weitille kin.
TE LET
dêr’t wy ea ôfskie namen,
lit ik it oars sizze,
presizer,
dêrsto ea ôfskie naamst fan my,
foargoed, foargoed,
noch presizer,
dêrsto ea folslein ûnferwachts
my falle lietst as in bakstien,
op de hoeke fan de Popmastrjitte
en de Salverdaleane,
dêr komt no in ynstelling
foar geastlike sûnenssoarch –
tsien jier te let
Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Abe de Vries, FD 08-07-2017
Eppie Dam, LC 16-06-2017
Abe de Vries, FD 08-02-2017 (oer it gedicht Oan dy tinke)
Geart Tigchelaar, ensafh 11-09-2017 (fideobesprek)