fangst fan de demoandolfyn
abe de vries
bornmeer, 2008

Fangst fan de demoandolfyn is de fjirde bondel fan Abe de Vries. Yn de gedichten spilet de natuer in grutte rol, en dan benammen dy fan de noard-westlike kontreien. De oantinkens dêroan brûkt er om de wrâld sa't er dy no sjocht fan in ynterpretaasje te foarsjen, gauris troch it letterlik beneamen fan minsken: yn har nammen fynt er it trochstreamen fan 'e skiednis werom.

Alle ferweech is langst om djipgong te winnen
namme en byld te finen, fiele dat der prielen
rinne troch it feroarjend lân fan op- en ôfgeand tij

Mear oer dizze titel
Harmen Wind, LC 09-01-2009 (besprek)