Wa't tate seit moat ek whisky sizze
sytse jansma
Friese pers Boekerij, 2008

Wa't tate seit moat ek whisky sizze is de debútbondel (mei dvd/fideo) fan Sytse Jansma út 2008. Neist in pear mear tagonklike gedichten falt foaral de assosjative manier fan wurkjen by de rest op. Jansma springt samar fan it iene yn it oare, alteast, dy yllúzje wurdt wekt, wêrby't de dichter him ek nochris betsjinnet fan in grut tal nijfoarmingen, lykas yn it folgjende fragmint:

dit fers is lava en dêr’t it mei brânjehannen heind wurdt
gûle mearkewolven in stasjonêrrinnend melodymotorke
dêr’t minsk wer in diseltekst op makket boartersguod foar
de grutte minsk mei skippyballen smyt dit fers kraters yn
de tún fan buorma

Oaren oer dizze titel
Rieuwert Krol, Ensafh. 02-05-2009
Harmen Wind, LC 13-03-2009 (diel 1 en diel 2)