De rop om Doede
Hidde Boersma
Friese Pers Boekerij, 2008

De rop om Doede is de debútbondel fan Hidde Boersma. Yn dizze bondel rekkenet Hidde Boersma ôf mei alle religieuze en spirituele spinreach dat minsken yn 'e kop hawwe kinne. Hy docht dat yn boartlike fersen mei gauris in iroanyske of humoristyske ûndertoan.

Der moat in Doede komme
dy't gewoan in fiskje yt
sûnder bearen en begrutsjen.

Der moatte Doedes komme
dy't rjochttroch gean
om't it harren neat skele kin.

Der moat in Doede komme
dy't de Doedes ropt.

Oaren oer dizze titel
Harmen Wind, LC 29-02-2008 (besprek)