Foarby it Boarkumer fjoer
Durk van der Ploeg
Friese Pers Boekerij, 2008, 5de printinge
Oan ’e ein fan de njoggentjinde ieu fergyng de fiskersfloat fan Peazens-Moddergat yn in fleanende stoarm. Fierwei it grutste part fan de fiskers ferlear dêr it libben by.
Botte Vaderloos, ien fan de jongsten dy't de ramp meimakket, oerlibbet op in wûnderbaarlike wize. Botte is in foarbern fan de rike boeredochter Swaantsje Holwerda, dy’t op eigensinnige wize har gong giet. Lang sit Botte oantangele mei de fraach oft er syn bestean op see of krekt op it boerelân sykje moat. Nei in lange striid kiest er dochs foar de see.
Durk van der Ploeg jout yn de roman Foarby it Boarkumer fjoer in byld fan de ûntjouwingen yn de mienskip fan Peazens-Moddergat tusken 1862 en 1945. De fiskerij krige nei de ramp dochs wer de fuotten ûnder it gat.
Dizze roman ferskynde foar it earst yn 2002 en jildt algemien as ien fan Van der Ploeg syn topboeken.
Oaren oer dizze titel
Ferslach oanbieding, Nieuwe Dockumer Courant 16-12-2002
Jabik Veenbaas, LC 17-01-2003
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Tsjerk Veenstra, FD 09-04-2003
Artikel, Bildtse Post 06-08-2003
Henry Baron, Sirkwy 29-10-2012
Jos Thie oer syn bewûndering foar dit boek: Een boek dat als een film aan je voorbijtrekt. >>>pdf
Omslach earste fjouwer printingen