De hearen fan Fryslân
arjen terpstra
friese pers boekerij, 2008

Dizze roman is it debút fan Arjen Terpstra, dy’t earder al in oantal toanielstikken skreau. It ferhaal is basearre op wiere foarfallen yn ’e striid fan in man en syn famylje. It spilet yn ’e Súdwesthoeke fan Fryslân en yn Amearika. Haadfigueren binne de twillingbroers Tseard en Tsjalling mei in folslein tjinoersteld aard. Tseard wol graach yn Fryslân buorkje en Tsjalling dreamt al fan jongsôf oer lânferhúzjen nei Amearika. Benammen troch de ûngeduerigens en duorjende ûnrêst fan Tsjalling beteart alles oars. It boek begjint as in boereroman mar krijt geandewei it karakter fan in western. De skriuwer tekenet de sfearen yn it Heitelân en Amearika sa’t er dy sels foar in part belibbe hat.
De hearen fan Fryslân wie in bestseller mei nei twa jier mear as 7000 ferkochte eksimplaren. Der ferskynde in oersetting yn it Hollânsk.

De auteur krige foar dit boek yn 2010 de Rink van der Veldepriis.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 19-09-2008
Elske Schotanus, de Moanne nr. 8 2008 s. 16-17 en op eigen webside
Yvonne Dijkstra, FD 03-01-2009
Henry Baron, World Literature Today, The Free Library 01-07-2009
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite