It smoarge bestean
wilco berga
utjouwerij fryslân, 2008
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
It smoarge bestean is it tragikomyske ferhaal fan in famylje – heit Bear, mem Anna en dochter Famke. Heit en dochter wurkje op de gemeentlike stoart, mei noch twa manlike kollega’s. Dat bytiden enervearjende wurk beynfloedet sterk it hâlden en dragen fan Bear en Famke, wylst harren emosjonele bân mei in psychiatryske klinyk ek nochris alle dagen in rol spilet. Mem is al hiel lang fuort, benammen yn Famke har belibbing.
Geandewei is it deistich libben op ’e stoart, dêr’t alle matearje syn ûnearfolle ein fynt, net mear los te tinken fan it Ynstitút, dêr’t alles draait om it behâld fan wat men noch hat.
Dan ek komme de machtsferhâldings op it wurk mear en mear op skerp te stean. Net yn it lêste plak fanwegen de leafde, sawol de trouwe as de hertstochtlike.
Oaren oer dizze titel
Elske Schotanus, de Moanne nr. 7 2008 s. 46-47 en op eigen webside
Yvonne Dijkstra, FD 08-11-2008