Yn ’t wylde wei
meindert bylsma
koperative utjowerij, 2008
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De ‘ik’ yn it ferhaal is himsels wat kwyt. Om himsels werom te finen begjint er yn it wylde wei om te reagjen yn wat er yn syn libben fûn en bewarre hat: patatfoarkjes, fearkes, krantestikjes, stientsjes, spikers en sa: ‘Mei de weardefolle stikjes sil ik mysels wer yninoar sette moatte. Net dwaan sil net te kearen betsjutte dat ik troch oaren yninoar set wurd en dan haw ik hielendal neat mear te fertellen.’
Hy komtt dêrmei yn konflikt mei syn twadde ‘ik’: ‘Do plakst kollaazjes fan dysels yninoar, mei heal ôfskuorde feiten, snipels fan wierheden, ferknipte optinksels en fantasijflardsjes. Sa komt it op ‘e kop ferkeard mei dy. Smyt de brot fuort of jou alles oan my!’
As lang om let de iene belies jout en de ferantwurding trochskoot nei de oare, wat dan?
Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 28-06-2008
Jetske Bilker, LC 11-07-2008