Heftich
ate grypstra
afûk, 2008

De ferhalen yn de bondel Heftich litte sjen dat it libben fan middelbere skoaljeugd behoarlik heftich wêze kin. De ûnderwerpen rinne fan drank- en drugsgebrûk oant digi-narjen en misbrûk troch in loverboy. Mar der wurdt ek omtinken jûn oan luchtiger saken lykas fakânsjeperikels en in ekskurzje nei it bûtenlân. Heftich is in jongereinboek dat midden yn de tiid fan hjoed-de-dei stiet.

Oaren oer dizze titel
Froukje Sijtsma op ensafh