Fammen fan Gaasterlân
riek landman
friese pers boekerij, 2008

It ferhaal spilet yn it eardere bunkerkamp fan Sondel. Hiel wat fakânsjegongers út Fryslân en fiere omkriten hawwe sûnt de jierren fyftich harren skoalwiken en famylje-útsjes trochbrocht yn dat bunkerkamp út de Twadde Wrâldkriich. Mannichien hat dêr noch goede oantinkens oan oerhâlden.

By de ôfbraak fan de bunkers yn novimber 2003 wurdt troch de mannen fan it slopersbedriuw in wûnderbaarlike fynst dien. De skiednis fan de eardere radarpost en de oantinkens fan de meiwurkers oan destiids wurde wer aktueel as bliken docht dat him yn it kamp mear ôfspile hat as allinne fakânsje, lekker ite en feest. Riek Landman hat dat yn dizze novelle ferwurke.

It boek wie yn 2008 it Boekewikegeskink fan It Fryske Boek.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 22-02-2008 
Jaap Krol, FD 26-02-2008
Elske Schotanus, de Moanne nr. 2 2008 s. 25 en op eigen webside