De ein fan ’e dyk
jan van der leij
friese pers boekerij, 2008

De ein fan ’e dyk is in bondel mei in grut ferskaat oan ferhalen, de measte mei in protte dialooch. Yn ferskate ferhalen spilet de dea in rol, mar humor en earnst wikselje inoar ek gauris ôf. De skriuwer pleatst guon fan de ferhalen mei dialooch yn in maatskiplike of sosjale kontekst, bygelyks de arbeidsomstannichheden fan mynwurkers. Yn it lêste en langste ferhaal, ‘Dearinnend paad’, fertelt in man oer syn kampûnderfinings yn Dútslân yn de Twadde Wrâldoarloch.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 12-09-2008
Henk Wolf yn Farsk
Jelle van der Meulen op syn Friese Literatuursite