Op redens oer
hylke speerstra
bornmeer, 2008 (2e printing)

De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene ferneamd. It wiene manlju en froulju dy’t yn it begjin fan de 20ste iuw soms in hiele buorkerij mei lân en fee byelkoar rieden. Harren ferhalen binnen optekene troch Hylke Speerstra, dy’t yn dizze bondel sa’n sfear opropt dat men it iis knappen heart en de froast yn ’e noastergatten fielt.
De earste printing fan it boek kaam út yn 1984. Twa kear ferskynde in oersetting yn it Nederlânsk, mei ferskillende titels. De meast resinte is IJsliefde út 2008.

Oaren oer dizze titel
Jan Kroes, LC 09-11-1984