Bokwerd Totaal
rink van der velde
friese pers boekerij, 2008
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Wabe Wisses Rzn – it pseudonym dat Rink van der Velde foar syn Bokwerdstikjes brûkte – skreau yn de jierren santich alle wiken de sabearekrante Bokwerder Belang fol. Dy ôfleveringen waarden in de Ljouwerter Krante publisearre. It wykblêd waard yn de rin fan de tiid legindarysk, benammen troch de taal. Van der Velde brûkte foar syn markante doarpssketsen in eigen taal, it Bokwerds. It wie in soarte fan ferhollânske Frysk mei allerhanne aparte argaïsmen.
Yn Bokwerd Totaal binne eardere boeken oer it fiktive doarp mei syn bysûndere en dochs sa gewoane bewenners bondele. It is in samling hilaryske ferhalen oer typstra’s as Bote Bijster, Doeke Vaartjes, widdo Fokeltje Snikstra-Weening en drs. Gijsbert Willemoed.
Rink van der Velde ferstoar yn 2001. Yn de Ljouwerter Krante ferskynde in lytse rou-advertinsje, ‘Heel Bokwerd is van de kaart’.
Oaren oer dizze titel