Rjochtdei op de Skieding
rink van der velde
friese pers boekerij, 2008

By Puntpeal op de Skieding, achter Drachtsterkompenije, wurdt it lyk fan in âldere Dútser fûn. Plysjeman Bonne Hos en syn âld-kollega Homme Veldstra sjogge daliks dat it om in moard giet. Soe it in lette wraakaksje west hawwe? Yn maaie 1943 binne sechstjin manlju út de omkriten by Trimunt fermoarde troch de besetter. By it ûndersyk ûnder de neibesteanden komme Bonne en Homme derachter dat foar dy minsken noch altyd it biedwurd ‘hearre, sjen en swije’ jildt.
De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 1993. It wie in bondeling fan in fúljeton dat earder yn de Ljouwerter Krante stie. 

Oaren oer dizze titel
Jelle Krol, LC 05-11-1993
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Henry Baron,  World Literature Today, Autumn 1994