It swijen net wurdich
willem verf
friese pers boekerij, 2008
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Boskwachter en widner Job Haalstra en syn dochter Nynke koenen it lange jierren dwaan sûnder al te folle kontakt mei oare minsken. De bosk wie har genôch; in griene timpel dêr’t hja sûnder te praten har wurk dwaan koenen. Mar ek yn dy úthoeke kringt ûnferbidlik de 21e ieu troch. Wannear’t dêr dan gjin feilich ûnderkommen mear is, kin men mar better sels in nij begjin meitsje. In heul bysûndere maitiid folget foar him en syn bern: de seis haadpersoanen yn dit boek leare opnij te praten, fine nije leafdes, befêstigje âlde. Boppe-al giet it yn dizze roman oer minsken dy’t trou oan elkoar wêze wolle en oan de idealen dêr’t hja ea foar keazen.
Oaren oer dizze titel
Elske Schotanus,de Moanne nr. 1 2009 s. 32-33 en op eigen webside