Identiteit & kowesturten
abe de vries
bornmeer, 2008
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn 1985 sei Anne Wadman, weromsjend op syn blomlêzing Frieslands dichters út 1949, dat er mei dy blomlêzing de Fryske poëzij achter de kowesturten weihelje woe. Abe de Vries, fan 2001 ôf hertstochtlik dielnimmer oan it Frysk literêr barren as dichter, essayist en blomlêzer, hat dat op in pypfol. Neffens him moat de Fryske poëzij syn referinsjepunt yn it plattelân krekt erkenne en koesterje as in skaaimerk fan eigenens.
Syn gedachten dêroer wurke er út yn essays en kritiken dy't tusken 2003 en 2007 ferskynden yn de literêre tydskriften Kistwurk, Farsk en Hjir. De Vries syn wurkwize wie dêrby mear sjoernalistyk en polemysk as wittenskiplik. Uteinliks woe er in nije balâns oanbringe tusken tradysje en fernijing yn de Fryske poëzij, wêrby't oan de plattelânstradysje mear rjocht dien waard. De praktyske útwurking fan syn fisy waard de twatalige blomlêzing It goud op 'e dyk, ek yn 2008 ferskynd by Bornmeer.
Oaren oer dizze titel
Harmen Wind, LC 18-4-2008
Sietse de Vries, fraachpetear mei de skriuwer, LC 13-6-2008
Gerbrich van der Meer, FD 28-06-2008
Michael Zeeman, Volkskrant 04-07-2008
Jaap Krol, A. IJ. van der Berg, Boeklog, 4-1-2009