Kening Kees
cornelis van der wal
bornmeer, 2008
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De dichter Cornelis van der Wal die yn 1998 oer de telefoan in bommelding ûnder in histoarysk kongres yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert by gelegenheid fan Fryslân-500. Dat wie in protest tsjin it fieren fan 500 jier Provinsjaal bestjoer yn ús provinsje. Neffens Van der Wal en guon oaren rekke Fryslân yn 1498 krekt syn frijheid kwyt omdat doe Albrecht fan Saksen, in bûtenlânske besetter, de macht oernaam. Nei oanlieding fan de bommelding brocht de dichter twa nachten yn de sel troch. Tsien jier letter komt Van der Wal mei de novelle Kening Kees, dy’t him yn in parallelle wrâld ôfspilet, fol mei anakronismen en oare tiidsferskowingen. De auteur rekkenet ôf mei syn eartiidske en hjoeddeiske tsjinstanners.
Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 28-09-2008
Eric Hoekstra, Ensafh 19-09-2008
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Jaap Krol, FD 25-10-2008