ik wol gjin broerke!
Lida Dykstra
bornmeer, 2007

As mem seit dat der in poppe bykomt, giet Wobbeltsje nuver tekear. ‘In broerke?’ raasde Wobbeltsje. Ik wol gjin broerke, noait! Ik fyn in broerke super-stom!’ Ferstuivere sei mem: ‘Wêrom?’ Wobbeltsje wol gjin broerke dat altyd raast en oeral in brol fan makket.Se docht ôfgryslik har bêst om derfoar te soargjen dat it broerke it hûs net ynkomt. Mar wêr’t Wobbeltsje net op rekkene hat, is dat sa’n lytse poppe syn (of har!) eigen wapens hat om in plakje yn har hûs en hert te feroverjen. Mei yllustraasjes fan Noëlle Smit.

Oaren oer dizze titel