0506 - stadsgedichten & klokslag van Leeuwarden / stedsgedichten & klokslach fan Ljouwert
Arjan Hut
Bornmeer, 2007

Yn jannewaris 2005 waard Arjan Hut mei it gedicht Under de toer keazen ta stedsdichter fan Ljouwert. Hy wie dêrmei de earste stedsdichter fan de Fryske haadstêd, oansteld foar in perioade fan twa jier. It stedsdichter wêzen joech in nije ympuls oan syn dichterskip. Dy stedsgedichten wiene rjochte op in breed publyk en moasten dêrom tagonklik wêze.

In delslach fan syn stedsgedichten ferskynde ûnder de titel 05 06. De titel fan dy (twatalige) bondel slacht net allinnich op syn jierren as stedsdichter, mar is tagelyk in knypeach nei de stjerdatum fan Pim Fortuyn. 

Oaren oer dizze titel