It himelsk oerwurk
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 2007
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
It himelsk oerwurk is in romantisearre biografy fan Arjen Roelofs (1754-1828) fan Hijum, in ferneamde amateurstjerrekundige. Durk van der Ploeg beskriuwt de wrakseling fan Arjen en syn bruorren om mear kennis fan de stjerre- en planetewrâld, it ‘himelsk oerwurk’, te bemasterjen. De negative hâlding fan heit Roelofs makket syn ûndersyk betiden ûnmooglik. Heit fynt it wichtiger dat syn soannen de kost fertsjinje as boer. Arjen Roelofs kriget troch syn stúdzje kontakt mei belangrike wittenskippers. Nei de Frânske tiid ûntfangt er fan kening Willem I de earfolle opdracht om de grutste teleskopen ea te bouwen yn ’e mande mei Sieds Jehannes Rienks. Sa wurkje se jierren oan in ûnwittend grut projekt, oan sis mar de Hubbleteleskoop fan de njoggentjinde iuw. Mar oft dat projekt ta in goed ein brocht wurdt is mar de fraach.
Oaren oer dizze titel
Elske Schotanus, De Moanne nr. 5 2007 s. 42-44 en op eigen webside
Gerbrich van der Meer, FD 13-10-2007
IJsbrand van den Berg, Ensafh 21-12-2007
Jetske Bilker, LC 02-03-2007
Henry Baron yn , World Literature Today 01-11-2008