Skrik
elske schotanus
friese pers boekerij, 2007

Yn de roman Skrik lit de skriuwster de lêzer yn de holle fan Elke krûpe, in psychiatryske pasjinte dy't mei in psychoaze opnommen wurdt yn in ynrjochting. Hoewol't Elke har kwaal somtiden wit te oerwinnen en de ynrjochting tydlik ferlit, rint it úteinlik net goed mei har ôf. Skrik is in ynkringend ferhaal dat op benearjende wize it libben fan Elke tichteby wit te bringen. Boppedat is it in krityske roman oer it bestean yn in psychiatryske klinyk.

Oaren oer dizze titel
IJsbrand van den Berg, Ensafh. 12-10-2010
Jetske Bilker, LC 07-09-2007
Jaap Krol, FD 20-10-2007
IJsbrand van den Berg, Boeklog 26-10-2007