Mind games
koos tiemersma
friese pers boekerij, 2007

De Fryske berchbeklimmer Age Roda ûndergiet in herttransplantaasje. Under de operaasje ferlit er it lichem en moetet er Ron Ferry, syn donor, dy’t him meisleept yn in wûnderbaarlik aventoer dat fan in sikehûs yn Boston, de finzenis fan Massachusetts en in woeste autotocht troch Frankryk útrint op de beklimming fan de Eiger. Underwilens rjochtet in godlike stim him ta Age Roda mei in fersyk dat grutte gefolgen hat. John Lennon sit sûnt er fermoarde is op bêd en hy wegeret derôf te kommen. En dat wylst de himeldireksje him frege hat as koarlieder, in funksje dy’t al in skoft fakant is. Soe Age Roda net ris mei John Lennon prate kinne? Mar Age Roda betinkt in better plan: hy besiket Lennon te befrijen út it deaderyk. Slagget er yn syn opset of twingt de myte fan Orpheus en Eurydice dêr't it ferhaal op basearre is him om syn ferlies te nimmen? Yn dit boek spylje ferskillende (dream)wrâlden troch elkoar dy't oan de ein yn elkoar klappe: Tiemersma past in fergelykbr prosedee ta as letter regisseur Christopher Nolan yn de ferneamde film Inception (2010).

De novelle Mind games ferskynde as Boekewikegeskink 2007 yn opdracht fan de Stichting It Fryske Boek.

Oaren oer dit boek
Jetske Bilker, LC 23-02-2007
Hylke Tromp, sprutsen resinsje literêre jûn Tresoar, 27-02-2007; ek yn Hjir; jg 2007, nr 1 s. 35-40.
Jaap Krol, FD 28-02-2007
Sjoerd Bottema yn De Moanne, apr. 2007, nr. 3
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite