Smoarge grûn
rink van der velde
friese pers boekerij, 2007
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De âlde Klaas Vogelzang hie it al goed foar it ferstân: oan smoarge grûn fertsjinje jo mear as oan skjinne. Mar Cleaning and Recycling is net langer in famyljebedriuw yn ôffal. Der stiet no in doktorandus út Brabân oan de lieding en op de dwinger oan de Poasen wurdt yllegaal stoart. Wat die Klaas dêr oan de Poasen mei syn grûnboarke, sa flak foar syn hommels ferstjerren?
Ald-plysjeman Homme Veldstra stelt op eigen manneboet in ûndersyk yn en dûkt djip yn de skiednis fan de rike skevels dy’t oait yn in earmoedich arkje oan de Kletsterfeart wennen.
De earste printing fan Smoarge grûn ferskynde yn 1998.
Oaren oer dizze titel
Jelle Krol, LC 17-04-1998
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite